01
De fraach
Dierennood hie al jierren deselde útstrieling. Dy paste net mear hielendal by dizze tiid, en der swalken in protte ferskillende ferzjes fan it logo om. Tiid om grut skjin te meitsjen.
Stichting Dierennood helpt swalkbisten mei fuorje, medyske soarch en sterilisaasjes en is dêrfoar ôfhinklik fan donateurs. Foar sa’n organisaasje telt fertrouwen swier: wa’t in skink of in bistetestamint beskôget, wol in ôfstjoerder sjen dy’t klopt.
Tegearre mei Ten Stripes hawwe wy de hússtyl oanpast en nei dizze tiid brocht. Dêrtroch is er no makliker te brûken en past er better by de stichting fan no.


02
De oanpak
Wy begûnen by de doelgroep. Dierennood sprekt benammen froulju fan 55 jier en âlder oan, en dat bepaalt in soad. Dêrom keas it nije hânboek foar in heech kontrast dat ruim foldocht oan de strangste tagonklikheidsnoarm (WCAG AAA), in goed lêsbere serifletter en in fêste, rêstige opbou.
It logo krige in rûne en in brede ferzje, mei de profilen fan in hûn en in kat. De kleuren bleaunen waarm en werkenber: keningsblau, read en in sêfte crèmetint. Sa field de stichting fertroud, mar net âldmoadrich.
Elke kar yn it hânboek is útlein fanút dy lêzer. It blau scoort op wyt in kontrast fan 8,89:1 en op crème 8,26:1. De eftergrûn is gjin skel wyt, mar in sêfte crèmetint, om’t dat op in skerm minder skittert. Read bliuwt de kleur fan dringendheid, mar allinnich op donaasjeknoppen: as rinnende tekst is it kontrast te leech om noflik te lêzen.
Foar de koppen keazen wy Athelas, in serifletter mei iepen foarmen dy’t neamd is nei it genêzende krûd út de boeken fan Tolkien. Dat past by in stichting dy’t ferwûne bisten helpt herstellen. De gewoane tekst stiet yn Arial en is nea lytser as 16 piksels.
03
It resultaat
In MerkHandboek yn fiif haadstikken: logo, kleuren, typografy, útwurkingen en ynhâld, ynklusyf rjochtlinen foar web, sosjale media en fotografy. Elkenien dy’t foar Dierennood wurket, kin der daliks mei oan de slach.
It hânboek stopt net by logo en kleur. It beskriuwt ek hoe’t de webside him gedrage moat: in label stiet altyd boppe it ynfolfjild, in flaterberjocht is nea allinnich in reade kleur, en op in kompjûter ferdwynt it menu net efter trije streepkes. Foar fotografy jildt: skerpe eagen, deiljocht en gjin skokkende bylden. It bist stiet sintraal en it logo stiet lyts yn de linkerboppehoeke.
Ferzje 1.0 levere wy begjin july 2026 op. Yn augustus folge in oanfolle ferzje.
Dêrnei gienen wy daliks fierder mei middels yn de nije styl: in advertinsje, in advertorial oer it bistetestamint en neilittenskip, in flyer en in fouwber boekje. Alles stiet sintraal yn ús merksoftware, sadat der nea mear ferskillende logoferzjes omswalkje.
Proast
Mei tank oan
Brouteam: Ian Torenvlied
Mei bysûndere tank oan de Ten Stripes Impact coöperaasje!
