B Corp CertifiedMerkebureau út De Jouwer

Spoed? Bel 0513 269011

Bel direkt foar spoed0513 269011

← Al ús wurk

#022

Hûsstyl Ûntwikkeling

Mellius Brouwer

Hûsstyl ûntwikkeling

Klant

Mellius Brouwer

Branche

Trochlooptiid

Oplevere

2026

Mellius Brouwer

01

De fraach

Mellius Brouwer helpt mkb-tsjinstferlieners groeie. Syn âlde útstrieling paste net mear by de ûndernimmer dy’t er no is. Hy socht in nij gesicht dat folslein by him past, en dat klear is foar de lansearring fan syn boek.

Logo fan Mellius Brouwer op struktuerpapier

02

De oanpak

In persoanlik merk moat fiele as de persoan sels. Wy keazen in krêftige kombinaasje fan waarm oranje en djip blau, en makken njonken it haadlogo ek in losse fariant dy’t do brûke kinst as it logo minder romte krijt.

In hússtyl wurdt pas echt brûkber as er yn dyn deistich wurk sit. Dêrom krige Mellius ek sjabloanen foar presintaasjes en Word-dokuminten, sadat elke offerte en elke presintaasje fansels yn styl is.

03

It resultaat

In kompleet logokit, sjabloanen foar PowerPoint en Word en drukwurk om it boek hinne: bladwizers mei in QR-koade en persoanlike stickerboekjes foar de minsken dy’t it boek oanbefelje.

Proast

Mei tank oan

Brouteam: Ian Torenvlied

Folgjend projekt

Dyn merk as folgjend projekt?

Fertel wêr't dyn merk no tsjinoan rint. Dan sjogge wy tegearre wat it nedich hat.

Secret Link