01
De fraach
Foodbar Onder de Boog yn De Jouwer woe nije kaarten dy't deselde klasse útstrielje as de saak sels. Dêrom skeakelen se ús yn om in stylfolle lunchkaart en drankekaart te ûntwerpen dy't by harren fisy passe, mei each foar kwaliteit en earlike produkten.

02
De oanpak
Doe't wy begûnen oan dizze kaarten, hienen wy ien doel: de belibbing fan de foodbar oersette nei papier. Dat gefoel moast je belibje sa gau't je de kaart yn hannen hawwe.
Wy keazen foar in minimalistyske yndieling mei in soad wite romte, sadat elk gerjocht en drankje de oandacht kriget dy't it fertsjinnet. De typografy is strak en elegant. Fegetaryske gerjochten krigen in dúdlik label, sadat gasten yn ien eachopslach sjogge wat der foar harren is. Natuerlike aksinten en earlike teksten ûnderstreekje de soarch foar goede produkten, fan natuerlike fris oant ambachtlike gebakjes.
In kaart wurdt pas echt goed as je dy yn 'e hannen hawwe. Dêrom gongen der meardere drukproeven hinne en wer, oant papier, kleur en lêsberens klopten.

Design is mear as foarmjouwing, it is it oersetten fan in ferhaal nei in belibbing. Dizze menukaart fertelt it ferhaal fan styl, duorsumens en ferfining.
03
It resultaat
Fan in idee op papier nei in tastbere belibbing. Elk detail, fan de strakke typografy oant de subtile aksinten, fertelt it ferhaal fan Onder de Boog: stylfol, fersoarge en mei each foar detail.
De yndieling is dúdlik, sadat gasten sûnder muoite harren kar meitsje. Waarme teksten en natuerlike eleminten jouwe in persoanlik tintsje. It resultaat is in lunchkaart en drankekaart dy't in ferlinging binne fan it ynterieur en de filosofy fan de saak.
Proast
Mei tank oan
Brouteam: Ian Torenvlied
Tank oan de eigners fan Onder de Boog De Jouwer, foar harren fertrouwen yn ús
