B Corp CertifiedMerkebureau út De Jouwer

Spoed? Bel 0513 269011

Bel direkt foar spoed0513 269011

← Al ús wurk

#011

Benno Rijpkema

Benno Rijpkema

Fan lijen nei liede

Klant

Benno Rijpkema

Branche

Trochlooptiid

Oplevere

2024

Tsjinst

Benno Rijpkema

01

De fraach

Benno kaam by ús mei de fraach om in website dy't past by wa't hy is. Syn âlde website wie wat ferâldere en passe net mear by him. Hy socht in frisse wyn: fernijend, mar wol werkenber. De website moast in spegel wêze fan wa't Benno is.

De wei nei it juste konsept wie útdaagjend en learsum. Net alles gie yn ien kear soepel, mar troch goed mei inoar yn petear te bliuwen kamen wy ta in konsept dat echt by Benno past. Dêr binne wy grutsk op.

02

De oanpak

De website moast in ynspirearjende, moderne boarne fan ynformaasje oer Benno Rijpkema wurde, mei de kennismakking sintraal. Syn boeken, podcasts, blogs en fideo’s stypje dat ferhaal en helpe besikers om kontakt op te nimmen as se dêr klear foar binne.

Wy begûnen net yn it ûntwerpprogramma, mar by de besiker. Mei in flowchart en wireframes brochten wy earst yn kaart hokker rûte immen troch de side aflegt, fan earste kennismakking oant yntake. Pas dêrnei folgen it ûntwerp yn Figma, eigen yllustraasjes en ikoanen.

Logo BennoRijpkema.nl, facilitator fan transformaasje

03

It resultaat

In website dy't past by de ûnderfining dy't je krije as je mei Benno wurkje. Foar ús is dat ien fan de wichtichste dingen fan in website: it gefoel moat klopje. As de side wat oars belooft as de persoan dêr't je sa tsjinoer sitte, falle minsken ôf.

Wy bouden de side yn WordPress mei Elementor, sadat Benno sels syn content bybine kin, en hâlden him sa ienfâldich en goed wurkjend op mobyl as mooglik. Ek oan de fynberens yn sykmasines is tocht.

Website fan Benno Rijpkema op twa laptops

Proast

Mei tank oan

Brouteam: Ian Torenvlied

Benno Rijpkema

Folgjend projekt

Dyn merk as folgjend projekt?

Fertel wêr't dyn merk no tsjinoan rint. Dan sjogge wy tegearre wat it nedich hat.

Secret Link