01
De fraach
Nanouk belle ús op in tongersdei mei de fraach oft wy spoeddrukwurk diene. Dat dogge wy faker, seine wy. It moast wol klear wêze foar har fotoshoot, begjin de wike dêrnei. In pear dagen dus, foar bedrukte bedriuws- en sportklean.


02
De oanpak
It logo moast netjes en folslein yn line mei har hûsstyl op de klean komme. Wy makken it ûntwerp drukklear en stjoerden it troch nei ús drukpartner, dy't de klean bedrukte en by ús op kantoar besoarge.
By tekstyl wurket in logo oars as op papier. Stof rekt, plooit en nimt kleur oars op, dus wy hâlde rekken mei formaat, pleatsing en genôch kontrast mei de kleur fan de klean. Sa stiet it logo der op de foto like strak op as yn werklikheid.

Ik bin SUPER BLIID haha no al, tankewol foar de fluchge tsjinst!
Nanouk Fleer, Eigenares en Trainer
03
It resultaat
Bedriuws- en sportklean mei logo, rom op tiid levere foar de shoot.
Proast
Mei tank oan
Brouteam: Ian Torenvlied
