01
De fraach
Sichtberens is altyd wichtich, sels as jo in winkelstrjitte binne. De ûndernimmers fan de Midstraat yn De Jouwer woene mear sichtberens, en op sosjale media better ynspylje op de eveneminten yn De Jouwer.


02
De oanpak
Wy begûnen mei in contentstrategy mei twa dúdlike doelen: mear bekendheid foar de Midstraat, en mear minsken dy't ek echt de winkelstrjitte yn rinne. Twa doelgroepen krigen elk in eigen oanpak: jongeren tusken 15 en 25 jier en folwoeksenen tusken 25 en 45.
In winkelstrjitte hat gjin produkt, mar wol ferhalen. Dêrom setten wy de ûndernimmers en de eveneminten sintraal, mei in mix fan fideo’s, sfearfoto’s en koarte ynfografiken. In fêste planning soarge derfoar dat der altyd wat te sjen wie.
03
It resultaat
Story-sjabloanen, ôftellestory's en content om aksjes en eveneminten hinne yn De Jouwer, lykas Wyn in ballonfeart, Markt in de Mid, Keningsdei en de Sinteklaasyntocht. Sa krige de Midstraat online in gesicht, en elke ûndernimmer derby.
Proast
Mei tank oan
Brouteam: Ian Torenvlied
