B Corp CertifiedMerkebureau út De Jouwer

Spoed? Bel 0513 269011

Bel direkt foar spoed0513 269011

← Al ús wurk

#015

Koploperbos

Koploperbos

Elke ûndernimmer in stikje bosk

Klant

Koploperbos

Branche

Trochlooptiid

Oplevere

2025

Koploperbos

01

De fraach

It Koploperbos wie op syk nei mear as in losse leveransier. Se sochten in partner foar de lange termyn: in kreatyf buro dat net allinnich meitinkt, mar struktureel alle kommunikaasje‑ en designfraachstikken oppakke kin.

As organisaasje mei in dúdlike missy en in soad ferskillende aktiviteiten ûntstie der ferlet fan gearhing. Fan online sichtberens oant kommunikaasje om eveneminten hinne, fan kampanjes oant útingen yn it bosk sels: der ûntbriek ien partij dy't oersjoch hold en soarge foar in konsekwinte útstrieling en boadskip.

De fraach oan ús wie dan ek dúdlik: kinne jimme ús helpe om al ús kommunikaasje en design sintraal te organisearjen én tegearre fierder te bouwen oan ús ferhaal?

02

De oanpak

Fan it begjin ôf hawwe wy ynset op in nauwe gearwurking. Gjin projekt mei in einddatum, mar in partnerskip dêr't wy meibewege mei de organisaasje en har ambysjes. Troch ús te ferdjipjen yn de fisy, doelen en doelgroep fan It Koploperbos, koenen wy in stevige basis lizze foar alles wat folget.

Wy namen de rol oan fan fêst kreatyf en kommunikatyf ferlinstik. Dat betsjutte meitinke op strategysk nivo, mar ek praktysk útfiere wêr't nedich. Troch koarte linen en geregeld kontakt koenen wy gau skeakelje en soargje foar konsekwinsje yn alle útingen.

Us resept: oersjoch meitsje, karren ferdúdlikje en alles wat It Koploperbos kommunisearret (online én offline) oansluten litte op ien werkenber ferhaal.

Sosjale-mediaberjochten fan Koploperbos om in telefoan hinne

03

It resultaat

It Koploperbos hat no ien fêste partner foar al harren kommunikaasje en design. Wy fersoargje en beheare de sosjale media, folje en ûnderhâlde de webside en ûntwikkelje kampanjes dy't bydrage oan sichtberens en belutsenens. Ek de kommunikaasje om eveneminten hinne pakke wy op, fan oankundiging oant neisoarch.

Offline binne wy likegoed te finen: fan flyers en posters oant de boerden dy't yn it bosk sels steane, wêrfan it grutste trije meter breed is. In boerd yn de bûtenloft freget om grutte letters, net folle tekst en materialen dy't tsjin waar en wyn kinne. Foar de lokaasje Westpark makken wy ûnder oaren in flyer en nije stickers, om it idee hinne dat men al fan 10 m² eigener wurdt fan in stikje fiedselbosk.

De gearwurking is langduorjend en yntensyf, en dat is krekt de krêft. Troch inoar goed te kennen kinne wy foarútdenke en bliuwe bouwen oan It Koploperbos as merk en organisaasje.

04

De ympakt

It bosk groeit letterlik. Yn it bosk by Euvelgunde binne 2800 beammen plante, dy't nei twaenhalf jier gemiddeld al fjouwer meter heech binne. It is moai om mei ús wurk in lyts bytsje by te dragen oan safolle grien.

Proast

Mei tank oan

Brouteam: Ian Torenvlied

Mei spesjale tank oan Bart Joling & it bestjoer fan it Koploperbos foar it fertrouwen yn ús.

Folgjend projekt

Dyn merk as folgjend projekt?

Fertel wêr't dyn merk no tsjinoan rint. Dan sjogge wy tegearre wat it nedich hat.

Secret Link