B Corp CertifiedMerkebureau út De Jouwer

Spoed? Bel 0513 269011

Bel direkt foar spoed0513 269011

← Al ús wurk

#001

FarmFest

FarmFest

Hét festival fan súdeast-Fryslân!

Klant

FarmFest

Branche

Trochlooptiid

Oplevere

2019

FarmFest

01

De fraach

Twa dagen lang mei dyn tinte op in malse greide, wylst de allertofste acts dyn sinnen prikkelje: dat is FarmFest. MerkBrouwers holp it festival mei de rebranding fan de hûsstyl en in nije website mei webshop.

It idee foar it logo rôlle letterlik út de kast. In fersliten T-shirt mei it âlde FarmFest-logo soarge foar de ynspiraasje fan it nije logo.

Website fan FarmFest op in tablet
Rige social-mediaberjochten fan FarmFest

02

De oanpak

In festival libbet fan sfear, en dy field men al foardat men in kaartsje keapet. It nije logo boude fierder op it fersliten âlde shirt, sadat trouwe besikers it werkenden en it dochs fris oanfielde.

Fanút it logo makken wy in hûsstyl dy't oeral weromkomt: op de website mei webshop, op de tickets en op sosjale media.

03

It resultaat

In nij logo yn alle farianten, in website mei webshop, de formjouwing fan de tickets en posters yn A1- en A3-formaat. Alles yn ien line, sadat FarmFest fan poster oant ticket werkenber is.

Folgjend projekt

Dyn merk as folgjend projekt?

Fertel wêr't dyn merk no tsjinoan rint. Dan sjogge wy tegearre wat it nedich hat.

Secret Link